Oanjefte tsjin ûnfeilige klinyk

15 mrt 2004 - 00:00

De klinyk Eye4Care yn Harns moat ticht fan 'e ynspeksje foar de sûnenssoarch. De alternative medyske behannelings dêr jouwe kâns op bliuwende skea. De ynspeksje hat oanjefte dien by justysje en de twa fysioterapeuten moatte foar it Medysk Tichtkolleezje ferskine. Grutte klacht fan 'e ynspeksje is dat it personiel fan Eye4Care net de goede medyske apparatuer brûkt. Ek krije pasjinten ferkearde en misliedende ynformaasje, sa seit de ynspeksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)