Agressive fuotballer en stapper

© Omrop Fryslân
In fuotballer (53) fan FFS Vegelinsoord hat snein de keeper fan Frisia knockout slein. Dat barde op it Frisia-fjild yn Ljouwert. De keeper sei wat tsjin de man, wêrop't dy him in fûstslach joech en doe fuortrûn. De keeper rekke eefkes út de tiid.
In agressive Hearrenfeanster is sneon in kafeemeiwurker yn Grins oanflein. Hy wie lilk om't in freon in flesse of glês tsjin de holle krige. De Fries is oanhâlden foar bedriging en mislediging.