NAM ûndersiket grûnfersmoarging

15 mrt 2004 - 00:00

Oaljemaatskippij NAM siket fan 'e simmer nei mooglike grûnfersmoarging tusken Eanjum en Grypskerk. Dêr leit in in transportlieding dêr't twa jier ferlyn in lek yn ûntdutsen waard. De NAM hat de grûn doe op ferskate plakken sanearre.

Om de rest fan de fersmoarging op te speuren, wurdt der no út de loft wei socht. In helikopter sil it gebiet mei ynfraread-apparatuer ôffleane. De lieding is ûnderwilens bûten gebrûk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)