Frysk súkses op heale finale NK

15 mrt 2004 - 00:00

De trije Fryske dielnimmers oan de heale finales fan it NK Skaken yn Ljouwert hawwe harren snein alle trije pleatst foar de lêste ronde. Yge Visser fersloech sneintejûn yn 'e barraazje de op papier folle sterkere jeugdspiler Jan Smeets (18). Frysk Kampioen Babak Tondivar wûn earder op 'e dei al sensasjoneel fan Jop Delemarre.

Sipke Ernst fersloech Arthur van de Oudewetering. Moandei en tiisdei wurdt de lêste ronde spile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)