Jonge klem yn swimbad

15 mrt 2004 - 00:00

In 10-jierrige jonge út Feanwâlden belibbe snein benaude mominten yn it Tolhúsbad yn Dokkum. Hy kaam klem te sitten tusken de sydmuorre fan it bad en it beweechbere diel fan 'e boaiem. Tsjin slutingstiid wurdt de ûnderkant fan it bad altyd omheech dien.

It jonkje hie al dy tiid de holle wol boppe wetter. Helptsjinsten waarden alarmearre, mar hoechden net yn aksje te kommen. It personiel koe it slachtofferke sels loskrije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)