St. Japik: trener Hart stapt op

14 mrt 2004 - 00:00

Yn 'e fyfde klasse A fan it sneinsamateurfuotbal moat St. Jabik op syk nei in nije coach. Trener Peter Hart hat nei de teloarstellende resultaten fan 'e lêste tiid de handoek yn 'e ring smiten. St. Jabik waard dit seizoen spesjaal folge troch radioprogramma Wykein FM.

Hart wie derfan oertsjûge dat St. Jabik kampioen wurde soe, mar op dit stuit stean se hast ûnderoan. Snein wûn de ploech fan Blauhûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)