Plysje brûkt wapenstok yn Harns

14 mrt 2004 - 00:00

De plysje hat sneintemoarn betiid yn Harns seis minsken oanhâlden dy't de plysje dwers sieten by it dwaan fan in oanhâlding. It wie de plysje te dwaan om in lulke Harnzer (20), dy't mei in grut mes tagong ha woe ta de diskoteek, dêr't er earder út set wie. De plysje brûkte hûnen en wapenstok om it publyk te fersprieden.

Meiinoar waarden seis minsken oanhâlden: in militêr (22) en fiif manlju fan 17, 18, 19, 20 en 21 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)