FNP: referindum oer Waadgas

14 mrt 2004 - 00:00

De steatefraksje fan 'e FNP wol in referindum oer it boarjen nei gas ûnder de Waadsee. Yn it referindum soe de boarger ek de mooglikheid hawwe moatte om oan te jaan hoefolle persint fan 'e opbringsten fan it gas yn 'e regio bliuwe moatte en wêr't it jild oan bestege wurde moatte soe.

De FNP is tsjin gaswinning yn 'e Waadsee. Mar as der in beslút oer nommen wurde moat, dan moat de befolking heard wurde, sa fynt de FNP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)