Muoisume winst SC Hearrenfean
SC Hearrenfean hie sneontejûn in soad muoite mei it leech klassearre Volendam. It begjin fan 'e wedstriid wie net min, want al nei seis minuten skoarde Gerald Sibon 1-0. Mar oanslutend wist Hearrenfean net troch te drukken. Yn 'e twadde helte spile Hearrenfean sels sa slop, dat Van Zaanen gelyk meitsje koe: 1-1.
Hakansson skoarde njoggen minuten foar de ein 2-1. Nei ôfrin waard Hearrenfean útfluite troch de eigen fans.
Trefwurden:
argyf