Olympiade handikapten súkses

© Omrop Fryslân
Yn it FEC yn Ljouwert waard sneon de earste De Friesland Olympiade foar falide en minder falide sporters hâlden. Sawat 600 sporters striden om de ear by it fuotbaljen, kuorbaljen, folleybal en in soad oare aktiviteiten.
It giet om de gedachte fan Baron Pierre de Coubertin, de grûnlizzer fan de moderne Olympyske Spelen. Meidwaan is belangriker as winnen. En krekt as yn Atene waard de Olympiade ôfsluten mei in optreden fan in artyst.