'House party hie net moatten'

© Omrop Fryslân
It CDA yn Ljouwert fynt dat de gemeente in yllegale house party yn in kreakpân yn de stêd net talitten moatten hie. Dat skriuwt de riedsfraksje oan B en W. De house party wie ferline wykein en soarge foar nochal wat oerlêst. Der soene in soad drugs brûkt wêze en twa jongeren moasten nei de dokter. It CDA seit dat it organisearjen fan in house party sûnder fergunning strafber is en dat jildt ek foar it brûken fan swiere ferdôfjende middels lykas xtc.