Ankers binne bêste advokaten

13 mrt 2004 - 00:00

Advokaat Wim Anker fan Akkrum is de bêste strafrjochtadvokaat fan Nederlân. Syn eigen kollega's hawwe him dêrta útroppen. Broer Hans stiet op it twadde plak.

De útferkiezing wie organisearre troch útjouwerij KSU, dat publikaasjes op it mêd fan de advokatuer fersoarget. Wim Anker krige freed op it Nationaal Juristen Congres yn de Rai yn Amsterdam de Gouden Zandloper útrikt troch D66- twadde-keamerlid Boris Dittrich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)