Flyers útskeakele yn play-off

© Omrop Fryslân
Formido Flyers is der freed yn in spektakulêre thúswedstriid yn Thialf tsjin Tilburg Trappers net yn slagge de finale fan de playoff te berikken. Oant 39 sekonden foar tiid stiene de Flyers mei 3-2 foar. Doe slagge it útblinker keeper Nijland net de puck goed fuort te wurkjen en waard it 3-3.
Yn de ferlinging waard net mear skoard en by it penaltydsjitten wiene de Tilburgers it bêst. Sa waard in 4-1 foarsprong út hanne jûn.