Boartersplak Koudum wer iepen

12 mrt 2004 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It pjutteboartersplak yn Koudum giet moandei wer iepen. Dat is mooglik no't der in nij bestjoer is. It âlde bestjoer moast op 15 jannewaris opstappe, doe't it pjutteboartersplak fallyt gie. Doe wiene der al in skoft finansjele problemen.

Der hawwe ferskate petearen west mei ûnder oare de kurator en de gemeente Nijefurd. It nije bestjoer tinkt dat de finânsjes sa op oarder brocht binne dat in trochstart mooglik is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)