Cambuur wer op sterkte

© Omrop Fryslân
De seleksje fan SC Cambuur is hast wer op oarlochssterkte. Bernard Schuiteman en Dominique van Dijk dogge freedtejûn wer mei yn 'e útwedstriid tsjin Top.
Cambuur brûkt de wedstriid yn Oss om yn foarm te kommen foar de fjirde perioade, dy't op 19 maart begjint. Cambuur spilet dan thús tsjin VVV en twa dagen letter út yn Apeldoorn tsjin AGOVV en in pear dagen letter thús tsjin Eindhoven. Dy searje moat njoggen punten opleverje yn acht dagen.