Tom Kok pleitet foar rampesite

12 mrt 2004 - 00:00

Nederlân moat in offisjele rampesite krije. Dat seit foarsitter Kok fan 'e Internet Society nei oanlieding fan 'e grutte oanslach yn Madrid. Kok fynt dat der by oanslaggen en earnstige rampen, lykas dy yn Enschede, ien sintrale site wêze moat mei in list fan slachtoffers en oerlibjenden en oare ynformaasje.

Tom Kok is ynternet-ûndernimmer te Snits. Hy die dizze útspraken freedtemoarn yn 'e ynternetrubryk fan radioprogramma Omnium.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)