Ferrassende winst VC Snits

11 mrt 2004 - 00:00

De frouljusfolleyballers fan VC Snits wûnen tongersdei mei 3- 1 fan Longa '59 út Lichtenvoorde. Se soargen dêrmei foar in grutte ferrassing. Nei in foarsprong foar Snits wûn Longa de earste set mei 22-25. De twadde, tredde en fjirde sets wiene lykwols foar de Snitser froulju.

De oerwinning waard benammen behelle troch hurd te wurkjen, goed te blokkearjen en de goeie bûtenoanfal. De tuskenstân yn de play-offs is no 1-1.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)