Fûgelpits moandei wer iepen

© Omrop Fryslân
Fûgelopfangsintrum De Fûgelpits is fan moandei ôf wer tagonklik foar it publyk. Net mear yn Eanjum, mar yn Moddergat. It sintrum fan Gaatske en Sape Wiersma hie yn Eanjum te min romte. Neidat in plan foar in ferhuzing nei Dokkumer Nijesilen oergie, kaam de Fûgelpits terjochte yn in eardere bargehâlderij ûnder de seedyk.
By de weriepening wurde 190 skjinmakke oaljefûgels frijlitten. Besikers binne tenei op wurkdagen middeis wolkom.