Smookferbod ek foar doarpshuzen

© Omrop Fryslân
Yn doarpshuzen mei net mear smookt wurde. Oant no ta wie dêr ûndúdlikheid oer, benammen foar doarpshuzen dy't neat mei de oerheid te krijen hawwe. Dêrom frege de stichting gearwurkjende Doarpshuzen it Ministearje fan Folks- sûnens, Wolwêzen en Sport om útlis.
It ministearje hat no witte litten dat it smookferbod 1 jannewaris yngien is en dat der gjin útsûnderingen binne. It rjocht op in smookfrij wurkplak jildt yn alle doarpshuzen.