5 jier foar ûntfierder Lusanne

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert hat de 64- jierrige Simon S. út Ryptsjerk tongersdei feroardiele ta fiif jier sel foar de ûntfiering fan Lusanne van der Gun. De eask wie acht jier. De man ûntfierde it famke út Aldeberkeap foarich jier augustus.
S. moat boppedat in skeafergoeding fan 5000 euro betelje oan Lusanne en 1000 euro oan har âlden. It famke is troch har ûntfiering ûnder behanneling fan in bernepsychologe en folget terapy.