Flyers ûnderút yn Tilburch

11 mrt 2004 - 00:00

De Flyers ferlearen woansdei yn en fan Tilburch mei 7-2. De Flyers makken it harsels yn Tilburch dreech trochdat ferskate spilers op krusiale mominten fan it iis stjoerd waarden troch de skiedsrjochter.

Lamonte Polet en Oleg Timchenko rêden de eare foar de Flyers. Troch de winst fan 'e Tilburgers steane de twa teams gelyk yn 'e heale finale fan 'e playoffs. No freed yn Thialf wurdt útmakke wa't nei de finale giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)