PvdA bang foar besunigings

11 mrt 2004 - 00:00

De PvdA yn Ljouwert wol witte wat de gefolgen binne fan de kabinets- besunigings op it basisûnderwiis. Ljouwert moat 430.000 euro besunigje op it efterstannebelied yn it basis- ûnderwiis. Dat is hast de helte fan it hiele budzjet.

It jild wurdt brûkt foar ekstra taalûnderwiis en it ûntwikkeljen fan aktiviteiten op twa brede skoallen. Bern en âlders kinne dêr ek bûten skoaltiid terjochte foar aktiviteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)