Dokkum krijt fertreksintrum

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum komt in fertreksintrum foar útprosedearde asylsikers. It fertreksintrum komt yn it gebou dêr't no it azc sit. De 400 minsken dy't der no noch yn sitte, moatte der foar 1 juny út. Dat is de streefdatum foar de festiging fan it fertreksintrum.
Dongeradiel hat him ynset foar it behâld fan it azc, benammen foar de wurkgelegenheid. Der wurkje 20 minsken. Dy soene har baan hâlde kinne no't yn Dokkum in fertreksintrum komt.