Ferhuzing ferpleechhûs Dokkum

© Omrop Fryslân
It wie woansdei in drokke dei foar de bewenners fan ferpleechhûs Talma Sionsberg yn Dokkum. 96 âlderen ferhuzen nei in nij ûnderkommen. De nijbou kostet 13 miljoen euro.
Grut ferskil mei it âlde ferpleechhûs is dat der gjin fjouwer minsken mear op ien keamer lizze. Elkenien hat no in eigen keamer. It âlde gebou dat mear as 30 jier brûkt is, giet nije wike tsjin de flakte.