Fryske Diken: minder ûngelokken

10 mrt 2004 - 00:00

Op Fryske diken dêr't 80 of 100 km yn 'e oere riden wurde mei en dêr't de plysje ekstra kontrôles útfiert, falle 21 persint minder ferkearsslachtoffers. Dat docht bliken út sifers fan it ferkearsfeiligensprojekt Fryske Diken nei ûndersyk fan SWOV.

De gegevens binne neffens it SWOV betrouber om't se basearre binne op fjouwer jier kontrôle. Net earder is it effekt fan ekstra snelheidskontrôles troch radarkontrôle sa goed ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)