Yllegale houseparty yn kreakpân

© Omrop Fryslân
In yllegale houseparty yn in kreakpân yn de Ampèrestrjitte yn Ljouwert is dit wykein flink út de hân rûn. Trije minsken rekken troch oermjittich drugsgebrûk yn de problemen. It feest waard jûn troch in profesjonele organisaasje.
It drugsgebrûk hat by in 18-jierrige jonge sels laat ta in hertstilstân. In oare jonge rekke yn it sintrum yn 'e grêft. It is al langer ûnrêstich yn it kreakpân yn de Ampèrestrjitte.