Acht jier sel foar moard

© Omrop Fryslân
Acht jier selstraf. Dêrta is de frou yn heger berop feroardiele dy't mei fertocht wurdt fan de moard op Van der Heide út Drachten. De haadfertochte út Burgum krige ek acht jier sel, mei TBS en twangferpleging. Der wie tsjin de frou mar trije jier selstraf easke.
Neffens it hôf yn Ljouwert moat se as meipleger sjoen wurde. Sy hie net it mes yn de hân, mar ruide de Burgumer op ta de died en fertsjinnet inselde straf. Mooglik giet se yn kassaasje.