Kreakers út skoalle helle

10 mrt 2004 - 00:00

In groep kreakers is woansdei tusken de middei út in skoalle yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert helle. De skoalle wie yn de nacht nei woansdei kreake. Earder waard ek al in tsjinoer lizzende skoalle ûntromme.

Neffens de kreakers steane de beide gebouwen al mear as in jier leech. Dan meie je in gebou kreakje. De eigner, korporaasjeholding Fryslân, seit no dat de kreakers der yndie ûnder bepaalde betingsten wol wenje meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)