Nij rút foar Bonifatiuskapel

10 mrt 2004 - 00:00

In glês-yn-lead-rút mei dêrop in ôfbylding fan Bonifatius is woansdei ophong yn de yngang fan de Bonifatiuskapel yn Dokkum. It rút hat jierrenlang by glêzenier Martin de Boer fan Ljouwert op souder lein. De komôf fan it rút is ûnbekend.

De stifting Amelanner Hof hat it rút restaurearre en yn brûklien jûn oan de Bonifatiuskapel. It wie noch in hiel wurk om it rút op syn plak te krijen, mar it is slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)