Dupearren MKZ krije jild net
Boerebedriuwen by Eanjum en Ie dy't net romme binne yn de tongblierkrisis, mar wol skea hienen, krije foarearst gjin fergoeding. Brussel stiet dat net ta fanwegen in skeel mei it regear.
Fan de seis miljoen euro dy't de provinsje beskikber stelde foar dupearren, is twa miljoen útkeard. De provinsje ropt de boeren op in twadde aktiviteit op de pleats te begjinnen. Dan soe útkearing fan skeafergoeding mooglik wurde as ferkapte subsydzje.
Trefwurden:
argyf