Frou ferwûne by ûngemak Drachten

© Omrop Fryslân
In automobiliste út Peize (Drinte) is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok op de autodyk by Drachten. De frou wie heal yn 'e sliep fallen achter it stjoer. Nei't se mei de tsjillen yn de rjochterberm kaam wie, besocht se by te stjoeren.
Troch it bystjoeren rekke se de macht oer it stjoer kwyt en fleach de auto in tal kearen oer de kop. De frou is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.