Dokkum stipet oanskaf MRI-scan

© Omrop Fryslân
Dongeradiel stelt 25.000 euro beskikber foar in MRI-scan foar sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum. It streeksikehûs kin de hege kosten foar it apparaat sels net opbringe. It sikehûs mei net folle eigen fermogen opbouwe foar grutte ynvestearrings. Dêrom is in kampanje begûn.
Bedriuwen, ynstellings, partikulieren en gemeenten binne frege om stipe. B en W fan Dongeradiel fine de MRI-scan fan grut belang foar de regio.