Nij subsydzjefoarstel foar dûns
Provinsjale Steaten komme mei in nij foarstel foar de subsydzje oan de Fryske dûnswrâld. Oant 2005 wolle sy 25.000 euro stipe regelje foar de Danswerkplaats fan de stifting Keunstwurk yn Ljouwert en Dance Explosion.
Sûnt 2002 wurdt der al praat oer de definitive stipe foar it amateur-dûnsjen. Op 17 maart wurdt it nije foarstel behannele yn de Steaten.