Pinautomaat yn Twizel sluten

© Omrop Fryslân
De Rabobank slút de jildautomaat yn it sintrum fan Twizel. Der wurdt te min gebrûk fan makke. Der binne 30.000 transaksjes yn it jier nedich om in pinautomaat rendabel te meitsjen.
By de pin yn Twizel wurdt mar 1400 kear yn it jier jild út de automaat helle. De automaat foldocht net mear oan 'e feilichheidseasken en oanpasse is te djoer. Mei de supermerk hat de bank ôfpraat dat Twizelers tenei dêr jild helje kinne. Ek post kinne se dêr kwyt.