Futsal: winst foar Hearrenfean
De sealfuotballers fan Hearrenfean hawwe moandeitejûn yn Oldenzaal mei 1-4 fan de Jong Eagles wûn. De Feansters hiene it yn 'e earste helte dreech. Se keamen ek mei 1-0 achter. De lykmakker foel op slach fan rêst.
Healwei de twadde helte slagge it Hearrenfean hieltiten better om der troch te kommen en waarden de 1-2 en de 1-3 skoard. Yn 'e lêste minút fan 'e wedstriid waard it noch 1-4.
Trefwurden:
argyf