Autofrije pleinen yn Ljouwert?

09 mrt 2004 - 00:00

De polityk fan Ljouwert is ferdield oer it autofrij meitsjen fan trije pleinen yn it sintrum. It kolleezje stelt dat foar by de werynrjochting fan Hofplein, Gouverneursplein en Raadhuisplein. Der ferdwine tal fan parkearplakken.

Guon politike partijen binne it dêr net mei iens. Middenstanders mei in saak op ien fan de pleinen, binne benaud foar omsetferlies. De gemeenteried fan Ljouwert nimt ynkoarten in definityf beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)