Plan bou apparteminten Berltsum

09 mrt 2004 - 00:00

Palet presintearret meikoarten it plan foar 45 apparteminten dy't komme op it plak fan Berlingahiem. It alde rêsthûs yn Berltsum waard yn augustus 2002 sloopt. De bou fan de apparteminten hie al begjinne sillen. Fersmoarging fan de grûn stelde dat út.

Op in gearkomste fan pleatslik belang wurdt dúdlik wannear't de bou krekt begjint. Fan de 45 wenningen komme 30 beskikber foar de ferhier. De oare 15 huzen wurde ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)