Nij bedriuwepark by Drachten

© Omrop Fryslân
By Drachten komt in bedriuwepark fan 250 bunder. It komt oan de eastkant. De kosten wurde rûsd op 70 miljoen euro. De grûn leit yn Smellingerlân, mar it park wurdt mei Opsterlân yn fiif fazen oanlein. Dit jier wurdt begûn.
Yn it park komt in protte wetter en bosk. Trije pingo's, restanten út de iistiid, bliuwe bestean. It lúkse bedriuwepark mei moaie bedriuwsgebouwen op sichtlokaasjes moat yn 2013 klear wêze.