Soad ynteresse foar wetterskip

© Omrop Fryslân
Der is grutte belangstelling foar in bestjoersfunksje by it Wetterskip. Dêr binne troch in fúzje 31 nije bestjoerders nedich. Fia reklame wurdt der nei socht, en mei súkses.
Jan de Groot fan Ljouwert waard moandei yn it sintsje set. Hy wie al de tûzenste belangstellende. En dat is folle mear as de ferwachte 300 belangstellenden. Neffens it wetterskip binne de funksjes populêr fanwege de bining fan Friezen mei it wetter.