Gjin aksje tsjin Flappie

08 mrt 2004 - 00:00

De algemiene ynspeksjetsjinst (AID), ûndernimt fierder gjin aksje tsjin Flappie. Flappie is de jonge wylde hazze dy't by de famylje Poortman yn Grou ûnderdak fûn en troch hûn Tosca fersoarge waard.

It is lykwols ferbean om wylde bisten thús te hâlden. Nei klachten fan de stichting Eekhoorn sei de AID dat Flappie nei De Fûgelhelling ta moast. It haske is yntusken 'ûntsnapt', dus lit de ynspeksje it mar sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)