Iepen dei gemeente ôfblaasd

© Omrop Fryslân
De iepen dei yn it nije gemeentehûs fan Wolvegea kin net trochgean. De 32 meter hege kantoartoer foldocht net oan de feilichheidseasken. De iepen dei soe hâlden wurde op sneon 27 maart.
Der is in probleem mei de kompjûterstjoerde feilichheidssystemen yn de toer. De 150 personielsleden kinne neffens it gemeentebestjoer noch wol feilich yn it nije gemeentehûs oan it wurk. In nije datum foar de iepen dei is der noch net.