Cramer nei ploech Orie

08 mrt 2004 - 00:00

Reedrydster Wieteke Cramer rydt de kommende twa jier by de Sponsorbingoloterij-ploech fan trainer Orie. Moandei tekenet se it kontrakt.

It ôfrûne seizoen siet de 22-jierrige Cramer noch yn de opliedingsploech fan de KNSB. Se ried in sterk seizoen, mei in tredde plak op it wrâldkampioenskip en in fjirde plak op it EK. Orie hat him dit jier manifestearre as súksesfol coach. Syn riders Timmer, Tuitert en Wennemars binne wrâldkampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)