Jonge út wetter rêden

© Omrop Fryslân
Twa stedswachten ha snein betiid in dronken jonge út de grêft yn Ljouwert rêden. De 18-jierrige jonge wie yn de grêft fallen, neidat er op in feest west hie. Hy koe der sels net útkomme.
De twa stedswachten seagen de jonge en koenen him út it wetter krije. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht, dêr't er behannele is foar ûnderkuolling. De jonge hie tefolle dronken en wie ek ûnder ynfloed fan drugs.