Hearrenfean - Feyenoord: 2-2

07 mrt 2004 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneintemiddei yn De Kuip yn Rotterdam 2-2 gelykspile tsjin Feyenoord. Nei alve minuten makke Stefan Selakovic 0-1 foar Hearrenfean út in penal. Knopper skoarde de 0-2. Der wiene yn dizze wedstriid in soad kânsen foar beide ploegen.

Thomas Buffel foarkaam dat Feyenoord foar eigen publyk ferlieze moast. De spits skoarde yn de lêste 23 minuten twa kear foar de ploech út Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)