Noardlik kampioenskip boksen

07 mrt 2004 - 00:00

Goed 500 minsken kamen sneontejûn ôf op it Noardlik kampioenskip boksen. It publyk seach tolve partijen yn ferskate gewichtsklassen, wêrûnder ek ien frouljuspartij.

Frouwien Stavast fan boksklub Drachten waard kampioen. Har partij tsjin Dagmar van Kooten fan Assen rûn lykwols út de hân. Doe't de skiedsrjochter 'stop' sei hearde Stavast neat en gong troch mei boksen. Van Kooten waard dêrop lilk en joech har tsjinstanner in pear klappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)