Protest Jouster tsjerke ôfsluten

07 mrt 2004 - 00:00

Iraanske asylsikers wennen sûnt ôfrûne woansdei tegearre mei gemeenteleden yn tsjerke De Oerdracht op De Jouwer. It wie it safolste protest tsjin it asylbelied fan minister Verdonk fan Frjemdlingesaken.

Ofrûne wike kloppe der ek noch in mem mei fjouwer bern oan by de tsjerke. Se ferbleaunen yllegaal yn Nederlân en ha ek in pear dagen yn de tsjerke sliept en iten. Snein waard it protest ôfsluten mei in drôvige tsjerketsjinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)