Fjochtpartij yn Snits

07 mrt 2004 - 00:00

In fjochtpartij ûntstie yn de nacht fan sneon op snein oan de Markstrjitte yn Snits. Doe't plysjeminsken de fjochtsjende partijen út inoar helje woene, kearden se har tsjin de plysje. Omstanners bemuoiden har ek mei de saak.

Dêrop sette de plysje fersterking yn en wie de situaasje gau ûnder kontrôle. Fjouwer persoanen binne oanhâlden foar geweldpleging: in ynwenner fan Alkmaar (28) en trije ynwenners fan Snits (17, 22 en 24 jier).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)