Aris wint fan Eiffel Towers

07 mrt 2004 - 00:00

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha sneontemiddei de topper yn Nijmegen wûn fan Eiffel Towers. Aris moast dêrfoar wol hiel djip gean, want de beslissing foel pas yn de allerlêste minút.

De einútslach wie sneon 63-66. Ferfelend wie dat Aris yn de twadde helte Camilo Behage ferlear. Hy hat nei alle gedachten in brutsen noas oprûn nei in earmtakkestjit. Takom wike spilet Aris de thúswedstriid tsjin WGW.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)