Ofbraak geref. tsjerke Nij Beets
De gereformearde tsjerke fan Nij Beets wurdt ôfbrutsen. De ynboedel fan de tsjerke sil ferkocht wurde oan de leden fan de tsjerkegemeente. De beslissing is nommen omdat de Samen op Weg-gemeente yn it doarp net twa tsjerken betelje kin.
Njonken de gereformearde tsjerke is der ek noch in herfoarme tsjerke. Dy tsjerke, út 1908, is koartlyn opknapt.