Kuorbalnijs

07 mrt 2004 - 00:00

De Lege Geaën ferlearen sneontejûn yn in strieminne wedstriid fan ASVD. It waard 13-11 foar de ploech út Dronten. Omdat konkurrint foar it kampioenskip, SKF fan Veenendaal, mei deselde sifers wûn fan Drachten is SKF kampioen en stiet De Lege Geaën mei lege hannen.

Foar it Fryske kuorbal is dat in minne saak, omdat Blau-Wyt fan It Hearrenfean sneon ferlear en degradearret út de haadklasse. Fryslân hat sadwaande takom seizoen gjin ploech op it heechste nivo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)